- Votes:
Maaike Jansen - Knoopkes lyrics
Knoopkes by Maaike Jansen & Piter Wilkens
Fjirtjin wiene wy of fyftjin
âlder ha wy grif net west
Do wiest by jim omke en muoike
'k wit it allegear noch bêst
It wie simmer en ik fytste
hieltyd jim hûs foarby
do siest yn 'e tún en lakest
ik wie stapelgek op dy
Hiest in bloeske oan mei knoopkes
15 knoopkes, lyts en blau
knoopke 1, ferlegen prebearre ik wat út
knoopke 2, do joechst my samar in tút
knoopke 3, ik hie it suver hast net mear
mar by't fjirde moast ik wachtsje oant de oare kear
Hiest in bloeske oan mei knoopkes
15 knoopkes, lyts en blau
Jûns dan wiene wy tegearre
wat wie 't spannend elke kearMaaike Jansen - Knoopkes - http://motolyrics.com/maaike-jansen/knoopkes-lyrics.html
Stikum stadich justjes fierder
elke jûn in knoopke mear
En ik fielde my sa lokkich
en ik wie sa wiis mei dy
Do liest my mar wat piele
oh, de tiid dy fleach foarby
knoopke 5, foarsichtich naam ik de tried wer op
knoopke 6, do wiest myn eigen leave pop
knoopke 7, ik hie it suver hast net mear
mar by 't achtste moast ik wachtsje oant de oare kear
Doe't jim omke ús trapearre
wie ús aventoer foarby
Tolve fan 'e fyftjin
fierder bin 'k net kaam by dy
knoopke 9, ik aaide eefkes troch dyn hier
knoopke 10, noch nea gie ik mei dy safier
knoopke 11, ik hie it suver hast net mear
mar nei 't tolfde kaam der noait mear in oare kear